Zoekresultaten voor: *
Resultaat 21 - 33 (van 33)
Riemkje Hoogland-Pitstra | Anny de Jong | Jan Schotanus Gefaarlik spul foar Mentha Minnema
Seis aventoeren
Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. It levere seis mini-aventoeren op dy't hjirre troch de skriuwers sels foarlêzen wurde. By Anny de Jong giet it earst om in ynbraak yn har eigen hûs, dêr't Grate syn bêst docht, mar de stellerij net foarkomme kin: In bliedend slachtoffer. Har twadde ferhaal spilet him ôf yn de diskowrâld. Mentha Minnema moat der de...
Westerlauwers Fries | 3 uur (181 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Hein Jaap Hilarides Joppe
Joppe bringt syn ferfangende tsjinstplicht troch op it gemeentehûs yn Raarendt yn Noard-Fryslân as miljeu-amtner. Droechkomysk beskriuwt Hein Jaap Hilarides yn syn debútroman de sfear op it gemeentehûs, de kantoarrituelen, papierwinkel en miljeukontrôles, mar fral ek de erotyk. It frijbliuwende libbentsje fan Joppe krijt ynienen in oare diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 4 uur 59 minuten (261 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De swannen fan Hoxwier
It libben fan de ynwenners fan Fryslân wurdt behearske troch de fraach wa't foar de Spanjerts en tsjin de herfoarming is, of oarsom. De bewenners fan Hoxwier binne tsjin de Spanjerts en dat is oaren net nei it sin. Op in dei binne de swannen fan de state op stjerren nei dea. Is dat it wurk fan de duvel, of is der wat oars oan de hân? Inhoud Ynlieding De Spanjoalen De state Hoxwier Feest Frjemdfolk De foarsizzing Wachtposten De swannen I De reis nei de sted Ljouwert De alchemist Frjemde gasten...
Westerlauwers Fries | 2 uur 16 minuten (151 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it kattemystearje
Mentha Minnema belânet diskear as hûneleafhawwer mei in protte ferstân fan katten, yn in kattemystearje. Jurjen en Jeltsje Risselade misse harren kat Tsjip en wat dêr dan allegearre oan aventoeren achter wei komt... Ek diskear wer helpt Pyt Pander mei, mar de polysje hie it allinne noait oprêden. Dit ferhaal wurdt foarlêzen troch de skriuwster Anny de Jong. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1998 as achtste diel yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud De nijkeap In frjemdsoartige kat A real...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (222 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hynstemystearje
Op it hynstekonkoers fan Riis yn Gasterlân wurdt Bearn, in prachtige swarte rún fan acht jier âld, op mysterieuze manier stellen. Marchje en Petra krije aldergeloks de help fan Mentha Minnema by har speurwurk om it hynder werom te krijen. Mar dat liket net bêst... Grate helpt diskear faaks noch wol mear mei as Pyt Pander. Hy is miskien wol fereale en dat lytse hûntsje mei it plakje om it each leveret út en troch ek noch in spoar op. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige....
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (214 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Hylkje Goïnga Nei it Park
Yn de novelle Nei it park stiet de 78 jier âlde en deminte 'Martha' sintraal. Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan de dochters Janna en Geeske om har dêr no krekt wol yn te krijen. 'Ik rûn tusken myn beide dochters yn troch in brede gong. In mefrou mei reade wangen joech my twa hannen tagelyk en kloppe my op 'e rêch. Ik fersjitte my der fan. Wy gongen yn de lift mei...
Westerlauwers Fries | 1 uur 19 minuten (91 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it keldermystearje
As de ferhúswein allegearre doazen mei klokken ôfleveret yn it lege hûs njonken de bakkerij, witte Geart en Geeske al, dat der net in gewoane húshâlding komt te wenjen. Mar dat se daliks al yn in aventoer belânje troch Mentha Minnema, dat hiene se ek net ferwachte. Hoe sit dat krekt mei de ûnderierdske gong nei de tsjerke ta? En wa hat de prachtige kandelers stellen út it âlde gebou? Mei help fan Pyt Pander en Grate, losse Mentha Minnema, Geart en Geeske it mystearje op. It boek is oarspronklik...
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (202 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it wettermystearje
As Mentha in pear dagen mei Geart en Geeske te farren is op de boat fan Pyt Pander, komt se in saak op it spoar, dy't geheim bliuwe moatten hie. Dus falle der klappen en foar't se it goed en wol yn de gaten hat, sitte se oan kop en earen ta yn de misdiebestriding. Dit saakje rûkt net fris, it rûkt nei fisk! Pas nei in protte aventoeren wit Mentha it safier te krijen dat de polysje de boeven (of binne it boevinnen?) ynrekkenje kin. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997. Inhoud Mentha kin...
Westerlauwers Fries | 3 uur 3 minuten (178 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Bretaalwei De Brand
Hoe't Johannes Brandsma de grinzen ferlei
Johannes Brandsma, in topkeatser Yn 'e jierren tachtich is hy de sportman, dy't it gesicht fan it keatsen mei bepaalt. De Brand ferleit bretaalwei grinzen yn it keatsspul. Hy ferbrekt rekords dy't noch steane, ek yn 2009. Yn 1990 nimt er ôfskie fan it Fryske spul en kinne de lêste kranteknipsels en foto's ynplakt wurde. Mear as stof genôch foar in biografy. De keatsfedette fertelt net inkeld oer it keatsen, mar ek oer de saken dêr omhinne en hoe't it syn libben behearske. Jelle Bangma makke...
Westerlauwers Fries | 3 uur 49 minuten (182 MB) | Frysk en Frij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Skoare by FC Top
Skoare by FC Top giet oer de talintfolle David en Jeffrey, dy't gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in scout fan it grutte FC Top út de stêd te sjen. De jonges wurde útnoege foar in oantal proeftrainings en seleksjewedstriden. Der bestiet in grut ferskil tusken de beide jonges. David hat in freeslik fanatike heit dy't alles op alles set foar in fuotbalkarriêre fan syn soan. By Jeffrey wurdt dêr folle relekster mei omgien. Foar him is der mear yn it libben as fuotbalje. Hoe sille de doarpsjonges...
Westerlauwers Fries | 1 uur 53 minuten (122 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Harmen Wind It Ferset
Ferset fan in heit tsjin de feroarings yn de tsjerke en de maatskippij en ferset fan in soan tsjin syn heit; it leveret in yndrukwekkende roman op. Het verzet ferskynde yn 2002 as it Hollânske proazadebút fan Harmen Wind by De Arbeiderspers. De parse wie oer it algemien tige posityf. Wind sei yn in ynterview dat er it boek beskôge as 'in Fryske roman yn it Nederlânsk'. Om ôfstân ta it ûnderwerp te krijen, keas er ynearsten foar it Hollânsk. Hy begûn mei de oersetting fuort nei de ferskining....
Westerlauwers Fries | 12 uur 42 minuten (814 MB) | Utjouwerij Fryslân, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Wurdboek fan de Fryske taal
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 400 pagina's | Fryske Akademy, Ljouwert/Leeuwarden | 2009
Gedrukt boek
Marga Claus Bollman & Bollman
Een door zijn vrouw verlaten bibliothecaris worstelt met het feit dat hij een travestiet is.
Fictie
Westerlauwers Fries | 251 pagina's | Útjouwerij Fryslân, Ljouwert [Leeuwarden] | 2009
Gedrukt boek